Bliid mei útstel nije wurkwet

Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert is ferromme oer it foarearst net trochgean fan de wet 'Werken naar vermogen'. Hy hat wol soargen oer de takomst. Troch de fal fan it kabinet is de komst fan de wet 'kontroversjeel' ferklearre. Dat hâldt yn dat it no demisjonêre kabinet dêr gjin fierdere stappen yn nimme mei. Ljouwert soe mei de wet 40 prosint minder jild te besteegjen krije. Dêrmei soe de gemeente de taken lang net útfiere kinne.