Warskôging Omrin foar melding

25 apr 2012 - 12:15
  • REC ôffaloven

Omrin hat in tik op 'e fingers krigen fan 'e provinsje, om't se in steuring yn de REC net op 'e tiid melden ha. Op 25 maart wie der in steuring, om't in ûnderdiel yn it fabryk stikken wie. Omrin hat dit oardel oere letter oan 'e provinsje melden, wylst dat binnen tsien minuten moat. Omrin hat no in warskôging krigen. At se yn 'e takomst foarfallen mei de ôffaloven wer te let melde, moatte se in boete betelje dy't oprinne kin oant maksimaal 15.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)