"Taalwet Frysk jildt net foar Belestingtsjinst"

28 apr 2016 - 16:07

Meiwurkers fan de Belestingtelefoan hoege Friezen net yn it Frysk te wurd te stean. Dat antwurdet minister Plasterk fan Ynlânske Saken op fragen út de Twadde Keamer. De kwestje wie ynbrocht troch it taalorgaan Dingtiid. Neffens de Taalwet Frysk hawwe Friezen it rjocht om yn de eigen taal te praten mei meiwurkers fan rykstsjinsten, seit Dingtiid.

Plasterk is it dêr net mei iens. De Belestingtelefoan is in lanlik operearjende tsjinst en is net oan te merken as in rykstsjinst dy't yn Fryslân fêstige is.

Rykstsjinsten dy't wurkje yn hiel Nederlân, lykas as de Belestingtsjinst, binne op grûn fan de Wet Fryske Taal net ferplichte om yn it Frysk te kommunisearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)