Rotondes yn Súdwest-Fryslân krije nije beplanting

28 apr 2016 - 15:33

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân krijge njoggen rotondes nije beplanting. De gemeente sjocht de rotondes as fisitekaartsjes en wol dat se der netsjes bylizze.

Súdwest-Fryslân hat rotondes yn trije soarten: yn de beboude kom, op de grins fan de boude kom en yn it bûtengebiet. Elke rotonde hat syn eigen soarte beplanting. De rotondes yn de plakken hawwe in soad kleur, dy oan de râne fan in plak binne wat soberder en yn it bûtengebiet slút de beplanting oan by it lânskip mei struken of beammen.

De rotondes yn Kimswert, Makkum en oan de Ljouwerterdyk yn Snits binne al klear. Takom hjerst wurde de oare seis dien. Dy lizze yn de stedsrûnwei, by it Normandiaplein en oan de Oppenhústerdyk yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)