Ald depot Fries Museum wurdt symboalysk sluten

28 apr 2016 - 14:29

It Fries Museum nimt freed definityf ôfskied fan syn âlde depot oan de Turfmerk yn Ljouwert. Dan wurdt it alderlêste objekt ferhuze nei it nije kolleksjesintrum. Dêrmei komt nei goed 130 jier in ein oan de oanwêzigens fan it Fries Museum oan de Turfmerk.

It lêste item dat ferhuze wurdt, is in âld Romeinsk wynfet. Nei dizze ferhuzing docht deputearre Sietske Poepjes de doar fan it depot symboalysk op slot. De kaai jout se oan it bestjoer fan Stichting de Kanselarij, de eigener fan it gebou.

200.000 objekten

It ôfrûne jier binne der mear as 200.000 objekten oerbrocht fan it depot nei it kolleksjesintrum Fryslân. Dat is in mienskiplik depot fan it Fries Museum, Tresoar, Natuurmuseum, it Frysk Skipfeartmuseum en it Lânboumuseum.

Trefwurden: 
Fries Museum depot
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)