"Der moat in twadde toiletwagon komme yn Harns"

28 apr 2016 - 14:15

Der moat in twadde treinwagon oanskaft wurde troch de gemeente Harns om de sanitêre foarsjenningen op de Willemshaven behoarlik wurkje te litten. Wethâlder Maria le Roy hat mei de gemeenteried en de útbater fan de toiletfoarsjenning foar dizze oplossing keazen. Se hie earder ien treinwagon besteld, mar dy foldocht lang net oan de easken foar in goeie foarsjenning. Ien wagon is te lyts.

Syktocht

It âlde treinstel is tongersdei oankaam yn Twellingea, dêr't it oan de bûtenkant striele wurdt en in beskermlaach krijt. Dizze wagon is boud yn 1932 en hat yn de jierren 50 en 60 op de spoarline Ljouwert-Harns riden. 

Der wurdt no nei in twadde wagon socht, mar dy is noch net fûn. Ek de kosten foar in twadde treinstel binne noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)