Oername Sisa troch KidsFirst Cop Groep is rûn

De oername fan bene-opfangorganisaasje Sisa troch de KidsFirst Cop Groep is rûn. De oerienkomst is tongersdeitemoarn tekene, meldt de kurator. KidsFirst nimt Sisa per 1 juny oer. Oant dy tiid set Sisa it wurk troch sa't dat no ek giet. Dat is mei de banken ôfpraat.
Earder dizze wike waard bekend dat Sisa fallyt ferklearre is. De berne-opfangorganisaasje hat yn it ferline flinke finansjele tsjinslach hân en koe dêr net boppe-op komme, nettsjinsteande de reorganisaasjes. Sisa hat mear as 70 fêstigingen yn Fryslân.