FNP wol legere kosten parkeargaraazje provinsjehûs

28 apr 2016 - 12:46
  • De gloednije parkeargaraazje yn Ljouwert

De steatefraksje fan de FNP set op 'e nij fraachtekens by de kosten foar it parkearjen yn de garaazje by it provinsjehûs. De provinsje betellet alle jierren 5 ton oan de gemeente Ljouwert foar goed 250 plakken foar de amtners. Dit bedrach is sûnt de iepening al fiks heger wurden troch in ynflaasjekorreksje. De FNP wol dat it kolleezje fan deputearre steaten ûnderhannelet mei de gemeente oer kompensaasje foar leechsteande plakken en oer de ynflaasje dy't jierliks boppe-op de hier komt.

Neffens de partij is in flink oantal plakken yn de parkeargaraazje sûnt de iepening net te brûken. Der wie lekkerij en der waard boud. De garaazje is op it stuit seis wiken ticht fanwegen de bou fan apparteminten oan de Oosterstraat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)