BFVW: Kjeld foarmet gefaar foar ljippepykjes

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW, makket him grutte soargen oer de ljippepykjes dy't dizze dagen út it aai komme. It is fierstente kâld foar de piken en dêrtroch ha se gjin kâns om te oerlibjen. De measte aaien komme oer in pear dagen út. As it sa kâld bliuwt, soe de earste lêch wolris folslein ferlern gean kinne.
It BFVW is yntusken dwaande mei it opsetten fan in ûndersyk nei betide lechsels en de oerlibbingskânsen fan piken. It bûn hat by trije ûndersyksynstituten in offerte útstean en wol takom wike in kar meitsje.