Befeiliger swierferwûne nei triuw fan poadium Beetstersweach

28 apr 2016 - 11:38

In befeiliger is woansdeitenacht swierferwûne rekke doe't er yn in tinte oan de Vlaslaan yn Beetstersweach fan it poadium treaun waard troch in noch ûnbekende man. De befeiliger foel ûngelokkich en rûn dêrtroch swiere ferwûnings op, ûnder oaren oan syn heup. Hy moast in heupoperaasje ûndergean. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

De plysje ûndersiket wa't him fan it poadium treaun hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)