Twa kandidaten foar oername taksybedriuw Klomp

28 apr 2016 - 11:29

Der binne twa partijen dy't taksybedriuw Klomp út Ede oernimme wolle. Kurator Cees Klomp ferwachtet begjin takom wike de oername rûn te krijen. It is syn ynset om de wurkgelegenheid foar de sjauffeurs te behâlden. Oant de saak rûn is, bliuwt it ferfier garandearre. De banken stean garant foar de kosten dy't no makke wurde.

Taksybedriuw Klomp kaam yn problemen nei't it bedriuw in grutte opdrachtjouwer kwytrekke. It slagge doe net mear om de finansiering rûn te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)