Auto oer de kop slein op de Ofslútdyk

28 apr 2016 - 09:53

Op de Ofslútdyk yn de rjochting fan Harns, is tongersdeitemoarn in auto oer de kop slein. Beide ynsittenden binne ferwûne rekke en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Beide rydbanen waarden yn ferbân mei it ûngelok tydlik ôfsletten. It ferkear waard fia it parkearplak achter it tankstasjon omlieden. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)