Ljouwerter frou oppakt foar wapenbesit

28 apr 2016 - 09:46
  • It alarmpistoal

In frou fan 30 jier út Ljouwert is woansdeitejûn oanholden foar ferbean wapenbesit. De plysje krige om 20:00 oere hinne in melding fan in rûzje tusken buorlju yn in wenning oan de Noorderweg yn Ljouwert. De frou soe dêrby mei in fjoerwapen swaaid ha. Se naaide út yn de rjochting fan it sintrum. Dêr koe de plysje har oppakke.

Se sei dat se in nepfjoerwapen yn har tas hie. By kontrôle die bliken dat it om in alarmpistoal gie. Dat is yn beslach naam. De frou sit fêst. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)