Kollum: "Sûnder koffer yn Sibearië"

28 apr 2016 - 09:40
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Goeiemoarn. Dizze kollum skreau himsels. Ik hoech him allinnich mar te tikjen. Sa as guon fan jim miskien witte en oaren net, ik sit op dit stuit op in nuveraardich plak. It hjit Norilsk en it leit in eintsje boppe de poalsirkel in ein Sibearië yn. Wat ik hjir doch en belibje fertel ik moarn wol wat oer. It is nammentlik sa dat de reis hjirhinne al hast genôch stof foar in boek opsmyt.

Sjoch, je geane nei Sibearië en wat is dan handich om by je te hawwen? Krekt. Klean. Dus hie ik in nije koffer oanskaft en dy fol mei waarme klean, toiletartikels, sûveniers en sa mear troppe. Krekt wat, mar dan moat it yn Nederlân dus net waaie, want dan hat Lufthansa fertraging, moatte wy as gekken op Frankfurt fan it iene nei it oare fleantúch fleane en hupsakee, der steane je yn Moskou te wachtsjen op de koffer dy't fansels krekt net op tiid wie. Gjin mear klean as dat wat je oan ha en de freonlike Russyske dame by lost and found sei dat it om technyske reden net mooglik is om op koarte termyn dy koffer yn Norilsk te krijen. Maybe next week, sei se. Ik sei stjoer it dan mar nei hûs.

Eins ek wol wer treffend. Neat by je ha yn de meast idioate omjouwing dy'tst betinke kinst. Doe't we fan Moskou nei Norilsk soenen, stienen der samar seis plysjes en in drugshûn yn it tastel. Twa Russen waarden ôffierd. Wer in healoere fertraging. Mar de reis waard sa wol in moaie ûndernimming. Ik wie sels by eltse kontrôle de sjaak, want in Ingelsk pratende Nederlanner yn Norilsk snapte der neat fan, dy papieren sille wol net doge. Dus alle kearen sitte jo tsjinoer in minusjeus wurkjende en strang sjende Rus oer, dy't dúdlik jo op in flater betraapje wol.

No ja. Ik bin der al kaam. Gjin mear klean as dy't ik oan ha, gjin toskboarstel, gjin deo, hielendal neat. Op dizze tablet nei, dy't soarget dat jim sizze kinne: Wat moat er der ek. It wetter dat út de dûs komt hat ek wat in nuvere kleur. Mar neffens myn gids sit ik yn it beste hotel yn town. Vladimir P. skynt hjir ek alris west te hawwen. Ik sil sjen dat ik in pear skjinne ûnderbroeken en sokken opskarrelje. Soenen se hjir ek in Hema ha?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)