Ungelokken op de A31 troch glêdens

28 apr 2016 - 06:58
  • Meardere auto's rekken troch glêdens fan de A31 by Skalsum
  • A31 by de Skalsum

Op de A31 by Skalsum binne tongersdeitemoarn fjouwer auto's fan de dyk rekke. Dat komt troch glêdens, seit de plysje. Der is ek in plysje-auto fan de dyk rekke. Ien fan de auto's leit op de kop yn de sleat. De ynsittenden binne der út. Sa't it no liket, is der net ien ferwûne rekke.

Ek op de A31 by Sweins is in auto fan de dyk rekke. De Verkeers Informatie Dienst warskôget dat it op guon plakken sjippeglêd is en dat automobilisten de snelheid oanpasse moatte.

Hagelbui

De A6 is by Urk ticht yn de rjochting Emmeloord én yn de rjochting Lelystêd. Dêr is in slim ûngelok gebeurd, wêrby't in frou omkaam is. Ek binne der trije minsken ferwûne rekke. Neffens de plysje wiene der by it ûngelok seis auto's belutsen. Troch in flinke hagelbui begûnen de auto's te glydzjen. It ûngelok soarget foar gaos op de A6. De dyk bliuwt noch seker in oere ticht. It ferkear rjochting Amsterdam kin omride fia Zwolle-Amersfoort.

Koade giel

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwegen tongerbuien mei hagel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)