Ferwûne by ûngelok A7 by Fryske Peallen

De bestjoerder fan de auto rekke ferwûne © Srfotografie
In autobestjoerder is tongersdeitemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok op de A7 by Fryske Peallen. De automobilist rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt, ried inkelde meters troch it gers en knalde tsjin in beam.
De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.