Provinsje stekt ien miljoen euro ekstra yn Fries Museum

De provinsje Fryslân stekt de kommende jierren ien miljoen euro ekstra yn it Fries Museum. Dat jild is ornearre foar trije tentoanstellingen. De tentoanstelling oer Esscher yn 2018 krijt in heal miljoen euro, de Mata Hari-tentoanstelling yn 2017 krijt 150.000 euro, en der giet 350.000 euro nei de tentoanstelling oer de skilder Lourens Alma Tadema. Dy tentoanstelling set yn 2016 útein.
Lourens Alma Tadema is yn 1836 berne yn Dronryp. Letter ferhuze er nei Londen. Hy wie ien fan de wichtichste keunstskilders fan syn tiid en stie bekend om syn stikken mei Romeinske of Grykske ynslach.
Ljouwert Kulturele Haadstêd
Fryslân jout de bydrage yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De provinsje wol dêr in Frysk feest fan meitsje mei in ynternasjonale útstrieling. ''Us bydrage rjochtet him op eveneminten dy't in unike bydrage leverje oan Kulturele Haadstêd'', seit deputearre Poepjes. ''De Alma Tadema-tentoanstelling is in bysûndere attraksje foar it Fries Museum, foar Ljouwert en foar Fryslân.''