Kroonder wint Kings Battle autocross yn Blauhús

27 apr 2016 - 21:23

De Kings Battle, in autocrossevenemint op it sirkwy yn Blauhús, is woansdei wûn troch Roy Kroonder út Assendelft. Yn de kategory Stockcar F1 wie Kroonder de bêste. Yn twa oare klassen wie der Frysk sukses te notearjen, Jeen Piersma fan Wytmarsum en Tjalle Greidanus fan Frjentsjer wûnen yn harren kategory. De Kings Battle wurdt alle jierren organisearre op Keningsdei.

Neffens foarsitter Roland Lousma wie it evenemint in sukses. ''Nettsjinsteande de waarsferwachtingen hawwe wy hiele moaie races sjoen'', sa seit Lousma. ''Sawol op tiisdei as op Keningsdei tink ik ek dat der sa'n 2.500 oant 3.000 taskôgers op de cross ôfkaam binne. Dat lit wol sjen hoe populêr de autocross op it stuit is.''

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)