Andries Weening tredde yn Keningsronde Beilen

27 apr 2016 - 21:01
  • Hielendal rjochts Andries Weening
  • Andries Weening

Andries Weening fan it Cycling Team Fryslân is woansdei tredde wurden yn de Keningsronde fan Beilen. De âld-Harkemaster, no wenjend yn Koatstertille, kaam al betiid yn in kopgroep fan seis man. It peloton kaam sa no en dan aardich tichtby, mar de kopgroep koe stânhâlde.

Rick Ottema fan Muntendam wie yn it lêste rûntsje fierwei de rapste, foar Cor van Leeuwen fan Borger. Foar is nije Cycling Team Fryslân wie it it tredde poadiumplak. Marc de Bruin en Henk Bos gongen Weening foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)