Swarte Haan krijt nije oanlissteger

27 apr 2016 - 15:47

Der komt in hiele nije oanlissteger yn Swarte Haan. Dat hawwe b. en w. fan It Bilt besletten. Ien fan de riedsleden makke melding fan de minne steat fan ûnderhâld fan de steger. De gemeente hat dêrnei in ûndersyk ynsteld. It docht no bliken dat de houten steger benammen krekt ûnder en boppe it wetter hielendal ferrotte is. It folslein fernijen fan de steger kostet hast 8000 euro. Dan kin de steger lykwols tagelyk ek ferbrede wurde.

De gemeente hie net rekkene op it ûnderhâldswurk. It fernijen fan de steger moat dêrom betelle wurde út de algemiene reserves.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)