Skiermûntseach fiert 150-jierrich bestean as badplak

27 apr 2016 - 14:13

Skiermûntseach fiert woansdei net allinnich Keningsdei, mar ek dat it eilân 150 jier in badplak is. Mei in optocht mei fersierde weinen fan buertferieningen waard moarns it startskot fan de festiviteiten jûn. De 91-jierrige eilanner Johannes Kooistra krige de earste temaflagge oanbean.

It eilân stiet it kommende jier meardere kearen stil by it jubileum. Yn 1866 makke in badkommisje de bou fan it earste strânpaviljoen mooglik. Dêrneist kocht de eigener fan it eilân, Johan Erich Banck, in stoomskip om toeristen fan en nei it eilân te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)