Ljouwerter frijmerk op Keningsdei komt stadich op gong

De frijmerk yn Ljouwert komt mar stadichoan op gong. Der wie woansdeitemoarn mar ien tredde fan it oantal stands dat der oare jierren is, nei alle gedachten troch it kâlde en reinige waar nachts. Oerdei is der earst ek kâns op rein en tonger, mar yn de rin fan de moarn wurdt it drûch. De gemeente Ljouwert ferwachtet dan ek tûzenen minsken yn it sintrum.
Nachts kamen der in pear hûndert minsken nei it keningsnachtfeest Brak op het Plein. Neist de frijmerk binne der woansdei alderhande optredens rûnom yn de stêd.