Grinslân set ferheging fan wetterpeil Lauwersmar troch

27 apr 2016 - 07:03

Nettsjinsteande beswieren fan benammen Fryske boeren, set de provinsje Grinslân de ferheging fan it wetterpeil yn de Lauwersmar troch. Kommend jier giet it peil seis wiken lang mei 40 sintimeter omheech. De ferheging fan it wetterpeil moat neffens de provinsje liede ta mear slib en reid, wat wer mear fûgels nei it gebiet lûke moat.

It giet om in proef. Dy soe earst dit jier hâlden wurde, mar it beslút waard ophâlden troch de beswieren. De boeren binne bang foar skea troch sâlt wetter dat op it lân stean bliuwt.

De VVD-steatefraksje ropt ûndertusken de provinsje op net langer mei te wurkjen oan de proef. Steatelid Nynke Koopmans-Van der Veen seit dat ek de rekreaasjebrânsj bot lêst hawwe sil fan de wetterpeilferheging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)