Autocross lûkt hûnderten minsken nei rûzich Blauhús

26 apr 2016 - 22:42

Hûnderten minsken kamen tiisdeitejûn ôf op de autocross Battle Night yn Blauhús. Koereurs út binnen- en bûtenlân koene yn de kjeld en rein race yn de Stockcar F1, F2, FAC1600 en Rodeo-rally.

De Battle Night is ûnderdiel fan de Kings Battle, in twadaags autocrossevenemint op it sirkwy yn Blauhús. Dat wurdt alle jierren organisearre op Keningsdei. Woansdei wurde der ek noch raced troch de junioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)