"It komt troch myn dokters dat ik no sa siik bin"

26 apr 2016 - 22:27
  • Húsdokter

In man út de gemeente Weststellingwerf fynt dat syn urolooch en húsdokter der oan bydroegen ha dat er no sa siik is dat er net mear better wurde kin. De man hat it ôfrûne jier te hearren krigen dat er prostaatkanker hat.

Neffens de pasjint hie it safier net komme hoegd, en dêrom dage er de urolooch fan it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, en syn húsdokter út Noardwâlde, foar it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch yn Grins.

Kontrôletrajekt

De man hat sûnt 2005 in goedaardige prostaatfergrutting. Dêr wurdt er foar behannele. Hy fynt dat er net folslein ynformearre is oer de medikaasje. Nei eigen sizzen naam er in middel dêr't in jierlikse kontrôle by nedich is. Allinne yn 2011 is er troch de húsdokter kontrolearre, en dat gong fia de assistinte. Neffens de tuchtrjochter stiet it net fêst dat de kontrôle yn 2006 al ferplichte wie.

Ophâlde

As de kontrôles der wol west hiene, hie de man miskien wol gjin útsieddingen hân yn de lymfeklieren, sei er op de sitting. De urolooch sei dat se yn 2006 advisearre hie om mei dit middel op te hâlden, mar de man woe dat sels net. Fierdere ôfspraken wiene mei de húsdokter, dy't de man fan 2010 ôf seach. Dy wist net dat de urolooch advisearre hie om der mei op te hâlden, en de resepten waarden gewoan útskreaun. Neffens de pasjint waard dêr net genôch op kontrolearre.

It tuchtkolleezje docht op 7 juny útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)