Jong Hearrenfean kampioen yn reservekompetysje

It Abe Lenstrastadion © Google Streetview
Jong SC Hearrenfean is kampioen wurden yn de finalepûl fan de reservekompetysje. De Feansters spilen thús mei 2-2 lyk tsjin de beloften fan Heracles Almelo, en dat wie genôch foar it kampioenskip.
Heracles kaam nei 20 minuten noch op foarsprong. Henk Veerman soarge krekt foar it skoft foar de lykmakker. Nei it skoft skoarde Luka Zahovic de 2-1 foar Hearrenfean. Fiif minuten foar it einsinjaal foel de 2-2 noch foar Heracles.