Fjouwer moannen de sel yn om stellerij fan 33.000 euro

Fototastellen yn de Media Markt yn Drachten © Google Streetview
In 21-jierrige Roemeen moat fjouwer moannen de sel yn foar it stellen fan 33.000 euro oan guod by Media Marktfilialen yn Drachten, Emmen en Den Bosch. De Roemeen naam yn novimber foarich jier yn Drachten fjouwer fotokamera's mei sûnder te beteljen. Yn Den Bosch naam er tolve iPhones mei en yn Emmen hat er in oantal kompjûters stellen.
In attinte befeiliger betrape de fertochte en skeakele de plysje yn. De Roemeen, dy't gjin fêst wen- of ferbliuwplak hat, moat njonken syn selstraf oan twa filialen fan it winkelbedriuw 13.000 euro skeafergoeding betelje.