UPDATE: Froulju beknipe yn auto nei ûngelok by Sint-Nyk

By in oanriding op de Huisterheide by Sint-Nyk binne tiisdeitejûn fiif froulju fan 70 oant 93 jier fan De Jouwer en Haskerhoarne ferwûne rekke. Se botsten troch noch ûnbekende oarsaak mei in 26-jierrige automobilist út Balk. Dy bestjoerder like earst mei de skrik frijkaam te wêzen, mar moast letter ek mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs.
De auto fan de froulju kaam troch de klap op de sydkant telâne, wêrnei't de brânwacht de beknipe rekke slachtoffers út de auto helje moast. De froulju binne nei meardere sikehuzen yn de omkriten brocht.
De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.