Oardel miljoen foar fakânsje foar silers mei beheining

26 apr 2016 - 20:01

It Sailhûs yn Ealahuzen hat in flinke 'make-over' hân. It Sailhûs is de akkommodaasje foar silers mei in beheining. Se kinne dêr ferbliuwe as se yn de simmer op sylfakânsje geane mei stichting Sailwise.

Mei stipe fan de provinsje, bedriuwen en partikulieren koe de stichting 1.5 miljoen euro ynvestearje yn de groepsakkommodaasje. Der is ek ynvestearre yn apparteminten dy't geskikt binne foar minsken dy't yn in rolstoel sitte. Sa kin bygelyks in famylje mei in bern yn in rolstoel dochs op wettersportfakânsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)