Amelanner pear kin dochs nei Bonaire ferhúzje

26 apr 2016 - 16:59
  • It Amelân

De ynsammelingsaksje foar de ferhuzing fan Ria en Anthony Evers fan It Amelân is slagge. Fjirtjin maaie is it safier. Dan sille se foargoed nei Bonaire. Anthony Evers sit yn in rolstoel en hat harsenskea wêrtroch der tige dreech praat. Hy komt út Bonaire en kin fanwegen syn sûnens better yn in waarm lân wenje, mar oant no ta hie it pear dêr net genôch jild foar.

It hûs is al kocht

It eilân hat de ôfrûne moannen mei ferskate aksjes jild ynsammele yn it ramt fan it projekt 'Van A(meland) naar B(onaire)'. Doe't in feiling okkerdeis 1100 euro opbrocht, koe it heve. De tickets en it hûs binne al kocht. ''Anthony is er klaar voor. Als er visite is, probeert hij er steeds over te praten,'' seit frou Ria Evers. It pear hat nei eigen sizzen in prachtich hûs fûn op Bonaire. Nei alle gedachten komme se net werom nei It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)