Arriva wol kontant jild banne út de bus

26 apr 2016 - 15:53
  • Bus fan Arriva

Ferfierbedriuw Arriva wol dat der uterlik 1 jannewaris 2018 net mear mei kontant jild betelle wurde kin yn de bus. Oanlieding is dat der geregeld bussjauffeurs oerfallen wurde. Arriva riede al in proef ta, dêr't kontant jild oerstallich by wurdt. Mar der komt no mear druk op de tsjettel, omdat der ôfrûne freed wér in oerfal west hat, yn Tilburg.

De lanlike ynfiering fan de maatregel duorret noch oant 2018, omdat it hiel soarchfâldich barre moat. Sa moat it technysk allegearre wol regele wurde.

Ek moatte reizgers goed op de hichte brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)