"Gaskraan Nachtegaalstrjitte mei opset sin iepenset"

26 apr 2016 - 15:41
  • Nachtegaalstrjitte, Drachten

De man dy't ferantwurdlik is foar de eksploazje yn de flat oan de Nachtegaalstrjitte yn Drachten, wurdt der fan fertocht dat er mei opsetsin de gaskraan yn syn appartemint iepenset hat. Dat die hjoed bliken op de earste, pro forma sitting yn de saak.

De man wie der sels net by, om sûnensredenen. Hy sit fêst yn penitinsjêr psychiatrysk sintrum yn Swolle. By de eksploazje, ein desimber, rekke de man swier ferwûne. In soad apparteminten rekken ûnbewenber en binne yntusken sloopt. De ynhâldlike behanneling fan de saak is op 14 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)