"Schrier moat hurd optrede nei flaters by REC"

26 apr 2016 - 15:00

Deputearre Michiel Schrier moat hurd optrede tsjin Omrin fanwegen de fouten by de ôffaloven yn Harns. Dat seit de steatefraksje fan GrienLinks. In boete ûnder betingst is net langer genôch en der moat sjoen wurde oft de amtners by de provinsje en Omrin mooglik ferfongen wurde moatte, sadat der nije minsken komme kinne dy't mei in frisse blik nei de problemen sjogge. Derneist binne gemeenten as oandielhâlders te lichtsinnich mei it probleem omgien.

GrienLinks hellet sa fûl út nei't it ferline wike op 'e nij misgie by de REC. By it opstarten fan de oven kaam in stofwolk frij, dy't Omrin yn earste ynstânsje net melde by de provinsje. No't ek bliken docht dat it mjitkastje fan de dioksine-útstjit it net docht, is foar GrienLinks de maat fol.

Trefwurden: 
REC ôffaloven Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)