Gjin druk op de kraan troch lek yn wetterlieding Drachten

26 apr 2016 - 14:36

Troch in breuk yn in wetterlieding hiene wenningen yn de omkriten fan de Aldewei en Stasjonswei yn Drachten gjin druk op de kraan. Yn de strjitte stiet in grutte plasse wetter. Wetterliedingbedriuw Vitens is drok dwaande om it lek te reparearjen en it wetter fuort te pompen. Wenningen en bedriuwen oan de Lange West kinne ek lêst hawwe fan it lek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)