Accolade wol graach útspraak saak gaseksploazje

26 apr 2016 - 14:14
  • De sloop fan de ynstoarte apparteminten

Wenningkorporaasje Accolade hat in grut belang by in útspraak fan de rjochter tiisdei yn de saak fan de fertochte fan de gaseksploazje yn de flat oan de Drachtster Nachtegaalstrjitte, yn desimber ôfrûne jier. Accolade hat in soad skea en wol dy graach ferhelje, seit direkteur Rein Zwart. Derneist hat de korporaasje noch 18 konteners mei pún en weardefol guod fan bewenners yn de opslach. It útsykjen fan it guod kostet in soad jild en sûnder in útspraak fan de rjochter is net dúdlik wa't dat betelje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)