Slachtoffer Nachtegaal-eksploazje bot yn de war

Randy di Cuba is ien fan de slachtoffers fan de eksploazje yn de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. Syn flat siet rjocht boppe de flat dêr't de eksploazje wie. De klap wie ôfgryslik en de skrik ek. De earste oeren giene foarby yn in rûs, mar dêrnei begong de ellinde foar him pas echt.
Randy hat in turbulint ferline mei drugs en kriminaliteit. Mar de lêste jierren gie it goed en hie hy syn libben op de rit. Troch de ramp is alles wer yn de war. Hy hat lêst fan de holle en de earen. Mar de psychyske kant is it slimst.
Randy di Cuba giet no earst yn behanneling en hopet dat de behanneling him der wer boppe-op helpe kin.