92 Friezen krije in ûnderskieding by jierlikse lintsjesrein

26 apr 2016 - 12:00

De dei foar Keningsdei is tradisjoneel de dei fan de lintsjesrein. Dit jier ha 92 Friezen tiisdei in lintsje krigen. Dat is mear as ferline jier doe't noch 81 minsken in ûnderskieding krigen. De measten binne beneamd ta 'lid yn de Oarder fan Oranje Nassau'. Yn njoggen gefallen gie it om in beneaming ta 'ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau'. De ûntfangers wurde benammen ûnderskieden foar frijwilligerswurk yn tsjerken, pleatslike belangen en sportferienings. 

Sifers

Noch wat aardige feitsjes út de folsleine list:

  • 60 manlju krije in lintsje tsjinoer 32 froulju
  • De gemiddelde leeftiid fan de ûntfangers is 68 jier
  • Yn Súdwest-Fryslân (12) en yn Ljouwert (10) wurde measte lintsjes útrikt.
  • Yn Eaststellingwerf en op Skiermûntseach waard der net ien dekorearre.

Benijd wa't allegear in lintsje krigen ha by jo yn de buert?

Besjoch it op de kaart (yn gearwurking mei de Ljouwerter Krante). Yn guon plakken binne meardere lintsjes útdield. Zoom yn om se allegear te sjen.

Trefwurden: 
lintsje lintsjesrein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)