Accell Group fan It Hearrenfean draait wer mear omset

26 apr 2016 - 09:27

De Accell Group fan It Hearrenfean hat yn it earste fearnsjier fan 2016 mear omset draaid as yn dyselde perioade fan ferline jier. Der waardem foaral mear elektryske fytsen en sportive fytsen ferkocht. It sachte waar yn de earste moannen fan it jier spile ek in geunstige rol op de ferkeapen.

Neffens René Takens, foarsitter fan de Ried fan Bestjoer binne der benammen mear fytsen ferkocht yn Dútslân. Mar ek yn lannen dêr't de merk foar elektryske fytsen lytser is, giene de omsetten mei mear as 10 prosint omheech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)