Kollum: "Houzee"

26 apr 2016 - 08:55
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Mei tank oan Napoleon Bonaparte, dat lytse, ljeppene mantsje út Frankryk, ha wy moarn wer in frije dei. Moarn is it keningsdei, jawis, mar it is de hear Bonaparte dy’t it keningshûs yn ’t libben roppen hat, yn 1806. Mar nei’t Napoleon by Leipzig yn 1813 in pak op ’e bealch hân hie, waard Willem-Frederik van Oranje ynhuldige as Soeverein vorst der Verenigde Nederlanden. Twa jier letter, yn 1815, rôp Willem-Frederik himsels út ta Koning der Verenigde Nederlanden en Hertog van Luxemburg.

Op it kongres yn Wenen yn datselde jier seine de Europeeske mogendheden dêroer: ‘ea, kin wol, toe mar.’ It bistje moast in namme ha, en poltyk sjoen wie it wol handich. Dêrmei wie de monargy in feit. En hie Nederlân in famylje fan útkearingstrekkers op ’e noed. Mei ús allen ûnderhâlde wy de Oranjes. Jo en ik soargje derfoar dat Wim-Lex moarns syn hagelslach op ’e bôle struie kin, en dat Maxima op ’e tiid in nij jurkje yn de kast hat. De fraach is oft wy dat slim fine. It antwurd is nee: in romme mearderheid fan it Nederlânske folk is foar it fuortbestean fan it keningshûs. En dat is opfallend. Want wy binne oars wol op de sinten. En it Nederlânske Keningshûs is it djoerste fan West-Europa, mei syn 41 miljoen yn ’t jier. De Oranjes binne sels djoerder as it Britske Keningshûs.
Soks soe in reden wêze kinne om te sizzen: it hat moai west, wy sette der in punt achter. It kostet Nederlân in slompe jild, en as it begjint te knipen naaie se ek noch út, dat ja… Mar dat sizze wy net. Dy 41 miljoen is it ús wurdich. Om’t it keningshûs it folk bynt en byinoar hâldt. No dogge in deade André Hazes en in gouden Epke dat ek, en hat bygelyks Amearika -in lân sûnder kening- in noch folle grutter ienheidsgefoel, mar goed. In polityk neutrale kening skept ienheid. Mar yn de praktyk blykt dat net. By ús net, yn België net, yn Spanje net en yn Grut-Brittanje ek net. Watfoar argumuinten binne der dan noch mear om it keningshûs yn stân te hâlden?

De ekonomy. De kening en de keninginne binne ûnmisber as it om hannelsmissy’s giet. Neffens professor Harry van Dalen smite de ynspannings fan it keningshûs fjouwer oant fiif miljard per jier op. Astronomyske bedragen, dy’t van Dalen trouwens net hurd meitsje kin. It is it bedriuwslibben dat kontrakten binnenhellet en deals ôfslút, en it binne de kening en syn frou dy’t dêr seremonieel by oanwêzich binne. Sa leit it derhinne. Noch in argumint kin wêze dat it keningshûs derby heart, it is tradysje. No wiene it guozze- en iellûken dat ek, en dat is ek ôfskaft wurden. Hawar, as men it sa op in rychje set lykje der mear tsjin- as foararguminten te wêzen. Lykwols bliuwt it keningshûs ûnfermindere populêr, en sil it oant yn lingte fan dagen oan de Verenigde Nederlanden bûn wêze.
Dat, achte ûnderdienen, lit ús moarn in grouwe tom-pouce deryn skowe, in stikmannich bierkes en oranjebitters drinke, en alle âlde boeken en platen meinimme dy’t de muoite wurdich binne. Houzee!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)