"Ekstra sneltrein Grins-Ljouwert yn gefaar"

26 apr 2016 - 07:23
  • De trein fan Arriva

Feanwâlden is bang dat der flink besunige wurde moat op de plannen foar it stasjonsgebiet yn it doarp, omdat de werynrjochting fan Damwâld, De Falom en Feanwâlden goed acht ton mear kostje moat. De gemeente wol dat tekoart út de plannen foar it stasjonsgebiet helje. Dat soe betsjutte kinne dat de ekstra sneltrein net trochgiet.

Doarpsbelang wol dat de gemeente de plannen mei minimaal in moanne útsteld, sadat der noch mei it doarp oerlein wurde kin. De gemeenteried praat tiisdeitejûn oer de werynrjochtingsplannen.

Brânbrief

Doarpsbelang hat no in brânbrief nei de gemeente stjoerd. Belangrykste soargen oer de gefolgen fan de besuniging op de werynrjochting fan it stasjonsgebiet binne dat de funskjes binnen it tranfserium net ta harren rjocht komme; dat it yngripende konsekwinsjes hawwe kin foar de komst fan de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins en dat der in ûnevenredich grut beslach lein wurdt op it jild dat nedich is om yn Feanwâlden in folweardich stasjonsgebiet/transferium te meitsjen.

Fragen oan de ried

Doarpsbelang freget fan de gemeenteried dat se it beslút oer de werynrjochting mei minimaal ien moanne útstelt. Yn dy perioade moat dúdlikheid komme oer de finansiering fan de werynrjochting en de gefolgen dêrfan foar it stasjonsgebiet. Ek wolle se dat de Klankboerdgroep - dy't meitinkt oer de werynrjochting fan de doarpen - bypraten wurdt oer de feroarings yn de plannen. It lêste punt út de brief is dat de riedsleden frege wurde oanwêzich te wêzen by de besprekkings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)