Wenning oan Snecanusstrjitte yn Snits útbaarnd

In fûle brân hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in wenning oan de Snecanusstrjitte yn Snits bot skansearre. De brân is wierskynlik ûntstien yn de keuken fan it hûs, mar wie al gau útslaand. Nei in healoere koe de brânwacht it sein brân master jaan.
De wenningen neist it hûs hawwe reek- en wetterskea. Der rekke net ien ferwûne. De bewenners binne opfongen troch Salvage. De oarsaak fan de brân wurdt ûndersocht.
Yn Ljouwert hat koart brân west yn in wenning oan it Van der Leckplein. Op it momint dat de brânwacht oankaam, wie it fjoer al blust.