Hûndert Doanjumers op gearkomste oer fynst wapens en drugs

25 apr 2016 - 22:40

Sa'n hûndert Doanjumers kamen moandetejûn ôf op in sletten ynformaasjegearkomste yn it doarp oer de fynst fan fjouwer automatyske fjoerwapens, kokaïne, himp en munysje, twa wiken ferlyn.

De fynst hat der behoarlik ynhakt yn it doarp, seit Jeanette Slagter fan it Doarpsbelang. De gearkomste hat ynwenners holpen om fan de skrik te bekommen. Minsken witte no wêr't se mei fragen telâne kinne.

Boargemaster Van Zuijlen fan Frjentsjerteradiel wie ek op de besletten gearkomste yn Doanjum. Hy rôp minsken op om harren net liede te litten troch eangst. Hy stelde foar om oer in wike of seis nochris sa'n gearkomste te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)