Van der Hoek lang om let beneamd ta foarsitter De Friesland

25 apr 2016 - 22:31

Bert van der Hoek is no dochs beneamd ta foarsitter fan de ried fan bestjoer fan De Friesland Soarchfersekerder. It wie de bedoeling dat er dat al by syn oantreden yn oktober 2015 wurde soe, mar doe joech de Nederlânske Bank gjin tastimming. Van der Hoek moast in ynwurk -en opliedingstrajekt folgje en dat is no bard. No't de dêropfolgjende toetsing ek goedkard is troch de Nederlânske Bank stiet neat de beneaming mear yn de wei.

Van der Hoek wie fan 2007 oant 2015 foarsitter fan de ried fan bestjoer fan de GGZ-ynstelling Lentis yn Grins.

Van der Hoek folget Diana Monissen op, dy't foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it Prinses Máxima Sintrum foar Onkology yn Utrecht wurden is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)