Frachtwein yn sleat op de N381 by Wynjewâld

25 apr 2016 - 22:16
  • Frachtauto yn sleat oan de N381

By Wynjewâld is moandeitejûn om sawat njoggen oere in frachtauto mei oplizzer fan de trochgeande dyk Drachten-Appelskea rekke. De kombinaasje bedarre yn in ûndjippe sleat. Plysje en brânwacht hawwe op it plak fan it ûngelok west. Nei alle gedachten is de sjauffeur fan de frachtauto net ferwûne rekke.

It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok op de provinsjale N381 krekt ûntstien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)