Biografy oer Pim Mulier net 'bêste sportboek fan it jier'

25 apr 2016 - 22:08

De biografy oer Pim Mulier hat moandeitejûn net de Nico Scheepmaker-beker wûn. It boek mei de titel 'Captain van Jong Holland' fan skriuwer Daniël Rewijk wie wol ien fan de fiif nominearre boeken. De priis foar it Sportboek fan it Jier gie nei Peter Ouwerkerk foar syn 'Etalagecoureur', oer it libben en de ûndergong fan hurdfytser Roy Schuiten.

It boek oer Pim Mulier is útjûn troch de Fryske útjouwerij Bornmeer fan Steven Sterk. Mulier waard yn 1865 berne yn Wytmarsum. Hy wurdt sjoen as de pionier op sportmêd.

Mulier rjochte it fuotbalbûn KNVB op, betocht de Alvestêdetocht en stichte de ynternasjonale allroundtoernoaien by it reedriden.

Oare nominearren
De oare nominearren wiene Bart Jungmann mei ´Jean´, oer sportferslachjouwer Jean Nelissen, Erik Dijkstra mei ´Hoe sterk is de eenzame schaatser´, oer reedrider Hans van Helden en it duo Iwan van Duren en Tom Knipping mei ´De slag om de skyboxen´.

Ad Melkert sjueryfoarsitter
De sjuery fan de Nico Scheepmaker-beker stie ûnder lieding fan âld-politikus Ad Melkert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)