Trainingshûs foar jongeren mei psychyske problemen

25 apr 2016 - 21:49

Fryske jongerein mei psychyske problemen moatte mei help fan in nij trainingshûs yn Drachten binnen twa jier wer selsstannich wenje en wurkje kinne. It trainingshûs is in inisjatyf fan de Pi-groep.

De jongeren wenje ûnder begelieding yn groepen fan acht yn it hûs. Sy moatte harren sa folle mooglik sels rêde. Sa moatte se boadskippen dwaan en itensiede. Mei help fan de begelieders wurde de jongeren holpen oan in oplieding of in baan.

Troch de yntinsive begelieding moatte de bewenners wer earder werom kinne nei de maatskippij. It opliedingshûs is moandeitemiddei offisjeel iepene troch in hege amtner fan it ministearje fan folkssûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)