Lykspul Jong Cambuur tsjin Excelsior

© Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandei yn in wedstriid mei in protte doelpunten lykspile tsjin Jong Excelsior. Ut yn Rotterdam kaam de einstân op 5-5. De Ljouwerters kamen yn de earste helte op in 2-0 foarsprong. Van der Putten en Constancia wiene ferantwurdlik foar de twa doelpunten. Dochs kaam Excelsior al foar de tee werom ta in gelikense stân. Foar de Rotterdammers skoarden Van Mieghem en Hemmen.
Nei de rêst skoarden Magan, Van Warven en Van Iperen foar Jong Cambuur. Se brochten it totaal op fiif doelpunten foar de Ljouwerters.