Wurch, mar tefreden werom út Duinkerken

Kapot, mar mei in goed gefoel is Bartele Boersma fan Harns werom út it Frânske Duinkerken. Fjouwer dagen lang hat er dêr as frijwilliger holpen yn in flechtlingekamp. Minsken weagje dêrwei de yllegale oerstek nei Ingelân. De measten besykje nachts yn in frachtwein te klimmen dy't op it punt stiet op de boat nei Ingelân te gean. As dat net slagget, komme se moarns werom yn it kamp.
Boersma kombinearret syn frijwilligerswurk yn it kamp mei in ûndersyk nei de kânsen foar flechtlingen. De resultaten fan it ûndersyk moatte yn maaie bekend wêze.