Boalserter bedriuw nominearre foar lanlike Willem I-priis

It bedriuw Ventura Systems út Boalsert is nominearre foar de lanlike Kening Willem I-priis. Dat is in prestisjeuze ûndernimmerspriis, dy't ek wol de Oscar fan it Nederlânske bedriuwslibben neamd wurdt. Ventura is ien fan de trije nominearre ûndernimmingen yn de kategory midden- en lytsbedriuw.
Ventura makket doarsystemen foar bussen, trams en metro's. It  bedriuw, mei in jieromset fan 37 miljoen, wurket yn Europa, Azië en Noard-Amearika. Yn Boalsert wurkje goed tachtich minsken
Ferline jier waard Ventura Fryske Undernimming fan it Jier.
Diedkrêft
De sjuery hat Ventura Systems no nominearre fanwege it ynnovative en kreative karakter en it ûndernimmen mei lef en diedkrêft.  De oare kandidaten foar de priis dy't op 26 maaie troch Keninginne Máxima útrikt wurde sil, binne Tobroco út Oisterwijk (Brabân) en Verhoef Aluminium Scheepsbouwindustrie út Aalsmeerderbrug.
De Kening Willem I-priis is yn 1958 foar it earst útrikt. As Frysk bedriuw wûn Friesland Campina yn 2014 de priis yn de kategory 'grutbedriuw'.