Omrop Fryslân meast beharke yn Fryslân

25 apr 2016 - 17:06
  • Femke de Walle

Omrop Fryslân Radio is it stasjon dêr't it measte nei harke wurdt yn Fryslân. Dat docht bliken út de lêste mjittingen. En ek de telefyzje, de webside en de app fan Omrop Fryslân wurde goed besjoen en wurdearre. Goed twatredde fan de ynwenners fan Fryslân makket gebrûk fan de media fan de Omrop.

It publyk wurdearret Omrop Fryslân yn trochsneed mei in 7,7. Dat is de heechste wurdearring fan de lêste fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)